contact zoeken wedstrijden

De magy fan it keatsen

Ik fiel noch de spanning... Ik wie in famke fan fjouwer en siet by ús mem achterop ‘e fyts. We gongen fan Hurdegaryp nei Tytsjerk. Dêr soe ik se sjen… De helden, de mannen mei brede skouders, lange skonken en grutte hannen. Hoe’t ik by dat byld kaam... Miskyn troch de bloskes op mem har wangen, of troch ymponearjende nammen lykas Minne Hovenga, Tamme Velstra, Durk Talsma en Johan van Seijst. Die dei ha ik guon derfan sjoen, dêr op it fjild fan de Wâldklappers en ik kin se noch hearre: de bulderjende stimmen, de wille, de flok en de oerkreet. Ik sjoch se noch foar my: it wylde hier en de grutte snorren.

Lês mear!

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers